Wolkom yn Jirnsum by RFU!

... "hét Nautisch Landgoed"...  sûnt 1974

Omdat wy grutsk binne op ús moaie provinsje en foaral ek omdat ús memmetaal in prachtige taal is, hawwe wy op ús ‘webside’ ek in ‘page’ yn it Frysk.

 

RFU stiet foar ‘Rak fan Ûngemak’, in bocht yn de Boarn flakby ús jachthaven yn Jirnsum. Dy bocht wie foarhinne in lestige bocht foar de silende frachtskippen (ûnder oare skûtsjes). Frou en bern fan de skippers waarden dan faak ynsetten om op it lân mei de jaachline it skip foarút te lûken.

 

De namme Rak fan Ungemak hat noch mear histoarje, it wie earder ek de namme fan de Jirnsummer sylferieniging wer’t in protte doarpsgenoaten by belutsen wiene.

 

Us heit en oprjochter fan RFU Douwe Hokwerda hat fan jongs ôf al mei boatsjes dwaande west. As jonge boude der yn it bûthús fan syn heit syn eigen kano. Letter waarden dat tegearre mei syn broer houten Vrijheid en BM-klasse sylboaten en houten speedboaten. It ûntstean fan RFU giet werom nei 1973, earst as motorboatferhier en ûnderdiel fan de Boarnstream.

 

Neidat yn 1974 de jachthaven oan It String, wer’t Douwe en Boukje mei har 4 dochters sûnt 1980 ek wennen, oanlein is, is yn 1990 de gearwurking fan de broers ferbrutsen. Douwe en Boukje binne op It String doe fierder gien ûnder de namme fan RFU. Earst as ferhierbedriuw en jachthaven, letter as folweardich jachtwerf en rekreatief wettersportbedriuw.

 

Neidat Douwe en Boukje ein 2012 ferhúze binne nei in wenning by in oare lokaasje fan RFU, is it hûs op de ‘Terp’ omboud ta Pension/Bêd en

Brochje. Mei útsicht op de jachthaven, noch moaier dan in hotel.

 

Pascal een Yke wenje mei in protte nocht op de jachthaven. Grutsk binne se foaral ek op har fijne RFU-team, de omlizzende bedriuwen en de ZZP-ers, dy’t de gasten fan RFU probleemleaze farûren gunne. Profesjonalisme en entûsjasme makket dit mooglik!


"KOM RIS DEL OP ÚS MOAIE FAMYLJEBEDRIUW, DE KOFJE STIET KLEAR!"

fry

WOLKOM

maandag t/m vrijdag

8.00 - 16.30 uur

zaterdag 9.00 - 16.00 uur

zondag op afspraak

 RFU Jachtspecialist BV

It String 9 - 9011 TA  JIRNSUM


WELCOME

monday to friday

8.00 - 16.30 

saturday 9.00 - 16.00

sunday by arrangement

 RFU Jachtspecialist BV

It String 9 - 9011 TA  JIRNSUM


WILLKOMMEN

von Montag bis Freitag

8.00 - 16.30 Uhr

Samstag 9.00 - 16.00 Uhr

Sonntags nach Absprache

 RFU Jachtspecialist BV

It String 9 - 9011 TA  JIRNSUM